Toeristen spriede harren hieltyd mear oer it lân: is dat foar Fryslân posityf?

28 aug 2019 - 19:27

Der liket gjin ein te kommen oan de groei fan de toeristyske sektor yn Nederlân. Dy sektor wurdt hieltyd grutter, dat docht bliken út sifers fan it CBS. It Nederlânsk buro foar toerisme wol dat bûtenlânske besikers harren better spriede oer it lân, om de druk op hotpots sa as Amsterdam en Giethoorn wat te ferminderjen. Want dêr is it smoardrok, en hjir soene we dêrfan mei profitearje kinne. Mar is it wol posityf foar Fryslân?

Toeristen komme fan de boat fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens Albert Hendriks fan toeristeburo Friesland Holland moatte der net mear toeristen nei Fryslân ta komme as dat no it gefal is. "Ik tink dat wy de grins fan it maksimum berikt hawwe. It is no wol goed, de rek is der hast wol út. De hotels sitte fol. It gefaar is dat de boel ferspest wurdt en dat de moeting mei it autentike fan de provinsje net mear mooglik is," seit hy.

Groei

Hy sjocht lykwols wol de groei yn de sektor. "Ik tink dat it om in groei giet fan tusken de 5 en de 10 persint. Yn elts gefal jildt dat foar in part fan ús reisorganisaasje mei in groei fan 10 persint dit jier. En ferline jier ek al," jout Hendriks oan.

Autentisiteit

Massatoerisme soe net goed wêze foar Fryslân. "Jo rinne gefaar dat de autentisiteit fan de provinsje oantaast wurdt. Der moatte yn Hylpen gjin Giethoornske tastannen komme. Giethoorn moatst as in soarte pretpark sjen, in 'botsboatepark.' Soks past net yn Fryslân. De minsken dy't nei Fryslân komme, dy komme foar de Fryske kultuer, natuer en wettersport."

Waarsôfhinklik

It toerisme hinget bot oan it waar: as der in soad sinneskyn is, nimt it tal boekingen daalks ta. "As Piet Paulusma in moai-waarperioade oankundiget, sjochst dat daalks yn de boekingen. Mar ik haw wol it idee dat de toeristen dit jier better spraat binne. Ferline jier wiene der mei Kulturele Haadstêd sa'n soad eveneminten ticht op inoar, dat wie net altyd goed."

Albert Hendriks fan toeristeburo Friesland Holland

Trefwurden: 
Fryslân toerisme besikers
(Advertinsje)
(Advertinsje)