Rûzjemakker moat frou 3.000 euro betelje foar brutsen pink yn Wolvegea

In man fan 21 jier út Drinte moat in skeafergoeding betelje fan 3.000 euro, nei in rûzje yn in kafee yn Wolvegea. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De rûzje wie yn de nacht fan 27 jannewaris, yn de Baerdstraat yn Wolvegea. De man út it Drintse Diever moat de skeafergoeding betelje oan in frou. Hy hie har slein by by de rûzje yn it kafee. Doe wie de frou fallen en hie sy har pink brutsen.
© Wikimedia Commons
De frou hat al twa operaasjes efter de rêch, mar de pink stiet noch hieltyd bryk. De plysjerjochter beskôge de saak as in mishanneling mei swier lichaamlik letsel. De man út Drinte hat syn ekskuzen oanbean. Hy sei dat hy yn panyk rekke wie troch de rûzje. Fierder hat hy oanbean in bakje kofje te drinken, dat sille sy no dwaan.