FIDEO: De 60e Fiskerijdagen yn Harns mei muzyk en betinking

28 aug 2019 - 18:44

Fan 28 oant 31 augustus wurde yn Harns foar de sechtichste kear de Fiskerijdagen organisearre. Neffens foarsitter Jules Dutrieux sil der benammen in soad muzyk wêze, sa binne ûnder oare Vangrail, Jelle B en Memphis Maniacs te sjen. Fierder is der keunst, dûns, merke, sport en folkloare. Mar der wie tiisdei ek al romte foar in betinking fan omkommen Harnzer fiskers.

Trefwurden: 
Harns jubileum fiskerijdagen
(Advertinsje)
(Advertinsje)