De Jouwer krijt in nij brechje yn Park Heremastate

28 aug 2019 - 18:28

Wa't dizze dagen troch Park Heremastate op 'e Jouwer rûn, koe net mear in folslein rûntsje rinne om de fiver hinne. Der komt nammentlik in nij brechje, hielendal efteryn it park. De âlde brêge is fuorthelle en dêrtroch koene minsken net mear in slachje troch it park kuierje.

De âlde brêge wie al in skoft net sa bêst mear, benammen it hout wie min. Mei de nije brêge kinne besikers wer feilich nei de oare kant fan it wetter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)