Sven Nieuwpoort: "Tegen Cambuur kun je moeilijk nee zeggen"

28 aug 2019 - 18:03

Sven Nieuwpoort trainde woansdeitemoarn foar it earst mei by SC Cambuur. De ferdigener tekene earder in kontrakt foar ien jier yn Ljouwert. Nieuwpoort siet sûnder klup, sûnt syn kontrakt by De Graafschap ein juny ôfrûn. Dêr wurke hy ûnder Henk de Jong en Sandor van der Heide.

Yn de jeugd kaam Nieuwpoort út foar Ajax, dêrnei spile hy foar Almere City, Go Ahead Eagles en De Graafschap. No dus foar Cambuur. "Dit is een hartstikke mooie club", fertelt de sintrumferdigener. "Als tegenstander was het lastig om hier te voetballen. Er was altijd genoeg sfeer. En ik kende Henk en Sandor al natuurlijk. Tegen Cambuur kun je moeilijk nee zeggen."

De yn Den Helder berne fuotballer siet no sa'n twa moannen sûnder klup. Hy hope op in oerstap nei it bûtenlân, mar: "Dat wat ik wilde is niet voorbij gekomen. In de tussentijd heb ik voor mezelf getraind." Dêrtroch is Nieuwpoort fit. Mar, noch net fit genôch om ek daalks al wedstriden te spyljen. Dêrom wurdt hy freed noch net ferwachte, as Cambuur thús spilet tsjin FC Den Bosch.

Yn de fuotballerij wurde nije spilers faak ferplichte om in ferske te sjongen foar de ploech. Dat is dan in soart fan ûntgriening. Dy hat Nieuwpoort op syn earste dei yn it Cambuur Stadion noch net hân: "Ik weet ook niet of die nog komt, ik hoop niet dat je ze op ideeën hebt gebracht. Bedankt daarvoor", laket Nieuwpoort.

Sven Nieuwpoort is al de fiifde ferdigener dy't Cambuur dizze transferperioade oanlutsen hat. Earder kamen Erik Schouten, Calvin Mac-Intosch, Kellian van der Kaap en Doke Schmidt al nei Ljouwert. Mei Jordy van Deelen, David Sambissa en Alex Bangura dy't al by Cambuur spilen, is de ferdigening no kompleet.

Mear konkurrinsje

Technysk manager Foeke Booy is bliid mei de komst fan de 26-jierrige Nieuwpoort. "We wilden toch wat meer stabiliteit. En de concurrentie daar mocht nog wel iets scherper. We wilden liever een linkspoot, maar de halve voetbalwereld kijkt naar linkspoten. Als dat niet zo is, is een rechtspoot ook prima. Hij heeft ook regelmatig links-centraal gespeeld."

Mei Schouten, Mac-Intosch, Van der Kaap en Schmidt binne der al wol fjouwer sintrumferdigeners. Mar, neffens Booy sjocht de technyske stêf Schmidt benammen als fleugelferdigener. En dus moast der noch in sintrale man by. "Het seizoen duurt lang en we spelen veel wedstrijden, dan wil je ook niet verrast worden. Defensief konden we nog wel wat volwassener hulp gebruiken en dat is nu gelukt."

De honger is nog niet gestild.

Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, oer noch mear nije spilers

Der mei noch mear fjoerwurk ferwachte wurde fan Cambuur op de transfermerk. Oant en mei moandei meie spilers oerstappe fan de iene nei de oare klup. Booy hopet dat dat ek by Cambuur noch bart: "We zijn nog niet klaar. De honger is nog niet gestild." De fokus leit dêr by op twa posysjes.

De Ljouwerters wolle noch in ferdigenjende middenfjilder helje en noch in fleugeloanfaller. Dêrfoar is Crysencio Summerville fan Feyenoord yn byld. Hy moat hierd wurde. Booy: "Summerville zijn we nog druk mee bezig en we zijn in de veronderstelling dat dat gaat lukken."

De middenfjilder dy't Cambuur noch helje wol, moat wol echt in fersterking wêze neffens Booy. "Dat moet wel een basisspeler zijn. Als dat niet lukt, gaan we gewoon vol gas zo door. Want, we hebben op het middenveld ook goede wedstrijden gespeeld."

(Advertinsje)
(Advertinsje)