Tal iissalons yn Nederlân yn 12 jier ferdûbele, ek yn Fryslân mear winkels

28 aug 2019 - 17:36

It docht bliken dat it tal iissalons yn Nederlân tusken 2007 en 2019 mear as ferdûbele is: fan 440 nei 900 winkels. IIssalons binne ek faak langer iepen as eartiids en geane ek net altyd mear yn de winter ticht. Ek eigener Theo van Wamel fan de iisketen MIN12 sjocht dizze trend: "Wat je vooral ziet is dat de ijssalons, de outlets, zijn verdubbeld. Maar de punten waar het ijs gemaakt wordt niet. Het is een trend dat mensen die een ijssalon hebben meerdere winkels uitbaten. Op één plek het ijs maken en dan meerdere verkooppunten hebben."

Foto: MIN12

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Theo van Wamel fan IJssalon MIN12

"Wij zijn altijd bezig met: hoe blijven we beter dan een concullega," jout Van Wamel oan. Hy hat op seis plakken in fêstiging fan MIN12: yn Ljouwert, Harns, Drachten, Snits, Flylân en yn Lisse. Foarearst komt der net in nije winkel by. "Ik vind het wel even best zo, er is misschien nog wel een wens voor een plekje in Friesland, maar we lopen op dit moment niet elk pand na."

Jûntiid

It waar is fansels fan grutte ynfloed. Van Wamel: "Zeker als het zo tussen de 24 en 27 graden is dan is het niet aan te slepen. Wordt het wat warmer, dan wordt de middag wat vlak en heb je de piek in de avond. Mensen wachten eerst en als ze gegeten hebben gaan ze toch een stukje fietsen of lopen en gaan ze nog een ijsje halen. Dan moet ik meer personeel inzetten."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei minsken yn de winkel

Trefwurden: 
Snits iissalon MIN12
(Advertinsje)
(Advertinsje)