Wat kinne Friezen leare fan Aboriginals, Carla Boonstra út Ljouwert socht it út

28 aug 2019 - 16:55

Wat kinne Friezen leare fan de oarspronklike bewenners fan Australië? Hoe gean Aboriginals bygelyks om mei grûn, wetter en duorsumens? Mei dy fragen gong Carla Boonstra fan Ljouwert 'Down Under'. Se die op persoanlike titel ûndersyk.

Se hawwe in sterke konneksje mei de natoer.

Carla Boonstra

Se is no in pear dagen thús en komt nei fjouwer wiken Australië wer by op Fryske grûn. Carla Boonstra hat yn Australië mei Aboriginals praat om fan harren te learen. "Wat my opfallen is, is dat se noch in sterke konneksje hawwe mei de natoer. Se hawwe dêr grut respekt foar", fertelt Boonstra. Neffens har kinne wy dêr in soad fan opstekke. "Wy binne de bân mei de natoer in bytsje kwytrekke, benammen troch ekonomyske belangen. Dêr moatte we ús bewust fan wêze."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De Aboriginals libje al hast 60.000 jier yn Australië. Se binne nei de kolonisaasje yn de 18e iuw nei de rannen fan de maatskippij dreaun. Tûzenen binne ôfslachte troch de kolonisten út Ingelân. Se libje tichtby de natoer en fiele harren ferbûn mei de grûn. En dat bliuwt, ek al ride se yn auto's en brûke se de nijste technyske apparaten.

Foto: Carla Boonstra

Neffens Boonstra binne Aboriginals echte ferhalefertellers dy't harren spiritualiteit en wize fan ierde bewurkjen en bewarjen trochjouwe oan nije generaaasjes. "Plestik brûke se net. Se brûke altyd deselde beker fan natuerlike materialen. En se fertelle de bern ek wêrom't se dat dogge. Dat soe hjir ek sa wêze moatte."

Carla Boonstra: Ik wie benijd wat harren konneksje mei de natuer is

(advertinsje)
(advertinsje)