Jolanda Schreuder kampioen Frysk hynder yn inkelspan foar de sjeas

28 aug 2019 - 16:52

Jolanda Schreuder fan Fryske Peallen is woansdei Nederlânsk kampioen Frysk ras wurden mei har hynder MGNG Mario van Bakkum. It sportevenemint yn it stedspark yn Grins wie smoarhjit, mar dochs wol goed besocht. De Fryske hynders rieden yn inkelspan foar de sjeas.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Nei de earste seleksje waarden troch de sjuery in fjouwertal kombinaasjes oanwiisd, dy't oer ride moasten om de titel. De elastyske bewegingen, in ymponearjende foarhân, in sterke efterhân mei in skitterend 'sweefmomint' en in ymposant totaalbyld makken dat Jolanda Schreuder de titel krige.

As twadde einige Susan Bouman fan Nijeveen mei Egberdina's Lodewyk. Sy bleau krekt Nynke Bouma fan Aldeboarn mei stamboekhynst Wylster 463 foar. Mechteld van der Kooi fan Sint-Nyk waard fjirde mei Xander.

(Advertinsje)
(Advertinsje)