Fan Hurdegaryp nei Denemarken: Lucy rint 570 km tsjin de oandwaning RLS

28 aug 2019 - 16:00

In kuiertocht fan 573 kilometer yn 26 dagen, dy sil Lucy Hoekstra fan Hurdegaryp ôflizze. Dat docht sy om omtinken te freegjen foar har oandwaning RLS, Restless Legs Syndrome. Pasjinten kinne de fuotten dan net stilhâlde, wêrtroch't in frjemd gefoel en sliepeleaze nachten it gefolch binne. "By de iene fielt it as streamt der kola troch dyn ieren en by de oare as rinne de mychhimmels dy oer de fuotten."

Lucy hat har hiele libben al RLS en wol graach oandacht foar de sykte. "It is wol nuver," begjint se har ferhaal. "Der binne in soad minsken dy't it hawwe, mar der is te min oer bekend. Dokters en minsken witte eins net wat de sykte ynhâldt. En dat moat echt feroarje."

Prikels en min sliepe

"As jo de sykte hawwe, is it lestich om de fuotten stil te hâlden," leit Lucy út. "Ik krij dan it gefoel dat ik bewege moat, wylst ik gewoan op de bank sit of op bêd lis. Ik krij dan prikels en kin dan net mear sliepe. Ik haw der dus sliepeleaze nachten fan." Sa'n 1 op de 20 minsken hat de sykte, mar ek sy binne dêr net altyd fan op 'e hichte. "It fielt ek foar eltsenien wer oars."

By de iene fielt it as er kola troch de ieren streamt en de oare fynt krekt of rinne der mychhimmels oer dyn fuotten.

Lucy Hoekstra

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort rûn in eintsje mei Lucy mei

Lucy hat foar Denemarken keazen om't har suster dêr wennet. "Boppedat kom ik oan op 'e 'Wereld-RLS-dag', in dei dat der in soad omtinken is foar de sykte. Ik hoopje dat ik mei dêr myn aksje oan meihelpe kin."

Stichting Restless Legs

De Stichting Restless Legs stipet Lucy mei har tocht en wie ûnder de yndruk doe't sy derfan hearden. "De eerste keer dat ik het hoorde dacht ik echt van wauw, dit is episch," begjint Joke Jaarsma har ferhaal.

"Onze stichting probeert al jaren de ziekte bij de mensen bekend te maken en wij zijn dan ook enorm blij met alles wat Lucy doet." De stichting pakt dan ek grut út. "We helpen haar met alle faciliteiten, zoals slapen en eten. Ook zorgen we ervoor dat er mensen meelopen, zodat ze niet alleen is.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Lucy fertelt oer har tocht

Benammen it feit dat der gjin oandacht foar de sykte is, fynt Lucy spitich. "Wy wolle graach bekendheid krije, want dan is der ek mear omtinken foar. In soad minsken hawwe dermei te krijen, mar se witte it eins net. Wy hoopje dan wy ek foar dy minsken in stipe te wêzen."

Trefwurden: 
Denemarken RLS Lucy Hoekstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)