Frisian Solar Challenge los

Yn Ljouwert begjint snein de fjirde edysje fan de Frisian Solar Challenge. Om 10.00 oere begjint de prolooch fan de sinneboatrace yn de Prinsetún. Middeis om twa oere is de offisjele start. De snein is foaral bedoeld om te sjen oft alle boaten wol fluch genôch farre.
De Frisian Solar Challenge is in ynternasjonale sinneboatrace by alle Fryske alvestêden del. Der dogge dit jier 40 teams mei út njoggen lannen. Njonken Nederlân giet it dan ûnder oaren om Amearika, Sina, Turkije en Brazilië. Der dogge alve Fryske teams mei yn ferskate klassen.