Bôgesjitten, flotbouwen en kanofarren moat teamgefoel fersterkje op yntroduksje

It is in grutte drokte op de Citycamping yn Ljouwert. Learlingen fan regionaal opliedingssintrum de Friese Poort hawwe dêr dizze dagen sportaktiviteiten as ûnderdiel fan de yntroduksjewike. Se dogge mei op de sportdei fan NHL-learlingen.
Studinten sporte op Citycamping
Kloften learlingen fan de technyske opliedingen fan de Friese Poort yn Ljouwert setten woansdei ôf nei de stedscamping op bedriuweterrein De Himrik. Se dogge dêr mei studinten fan de NHL Stenden mei oan de sportdei yn de yntroduksjewike.
Troch bygelyks bôgesjitten, flotbouwen en kanofarren wurkje se oan teambuilding en komme se mei-inoar yn de kunde. 'Ontgroening' is der net by, mar dêr sitte de measte learlingen ek net echt op te wachtsjen, mient dosint Jaap Raap.
Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei de learlingen
Studinten sjitte bôge yn yntroduksjewike © Omrop Fryslân