Drankferbod foar Kollumersweachster dy't oldtimer fan sweager yn 'e prak ried

In 30-jierrige ynwenner fan Kollumerseach hat woansdei in alkoholferbod fan trije jier krige fan de rjochter. Hy hie mei drank op de oldtimer fan syn sweager yn 'e prak riden.
Justysje © Shutterstock.com
De man naam july ferline jier sûnder tastimming de âlde Golf mei. Op de Trekwei by Westergeast ferlear er de macht oer it stjoer en fleach tsjin in dûkdalf. De auto wie dêrtroch folslein fernield. Neist it alkoholferbod krige de man ek in boete fan 1500 euro en mei er in heal jier net ride.