Sportpark De Bosk op De Harkema wurdt wer brûkt troch Oranje

28 aug 2019 - 15:34

Oranje ûnder de 18 spilet nije wike tongersdei op sportpark De Bosk op De Harkema. It Nederlâns fuotbalalvetal stiet dan tsjinoer Denemarken. Fjouwer dagen letter folget der op 'e nij in wedstriid op De Harkema, dan is Meksiko de tsjinstanner.

De Bosk yn De Harkema - Foto: Omrop Fryslân

De twa wedstriden meitsje diel út fan in fjouwerlannen-toernoai, dêr't ek Amearika oan meidocht.

Nije gersmatte

Yn earste ynstânsje like it derop dat der gjin wedstriden fan Oranje mear op De Harkema komme soene, om't it fjild dêr te min foar wie. Mei finansjele help fan gemeente Achtkarspelen koe der lykwols in nije gersmatte oanlein wurde.

Op De Harkema wurdt ek noch in tredde wedstriid spile, dy tusken Meksiko en Denemarken. Dy is op 7 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)