Rekôroantal besikers iepen dei

08 jul 2012 - 08:40

De iepen dei fan Sportklup Hearrenfean sneon hat sa'n 18.000 supporters lutsen. Neffens de klup is dat in rekôr oantal yn de skiednis fan de iepen dagen.

De iepen dei begûn sneontemiddei om healwei ienen. Op it fuotbalfjild waarden de spilers presintearre. Dêrnei koene supporters op 'e foto mei de spilers en wiene der ferskate aktiviteiten foar bern. Ek koene de besikers in rûnlieding troch it stadion krije. De iepen dei duorre oant fiif oere.

(advertinsje)