Teäterstik oer moard yn Appelskea: wa hat de grytman fergiftige?

28 aug 2019 - 15:26

Yn Appelskea wurdt kommende moanne in teäterstik opfierd oer in moard fan 500 jier lyn. it stik is skreaun troch teätermakker Jan-Dirk van Ravesteijn yn opdracht fan frijsteat De Stellingen. It ferhaal giet oer in houlik tusken in earme boeredochter en de soan fan in rike grytman. Mar op it houliksfeest wurdt de grytman fergiftige.

In grytman wie in soart boargemaster - Foto: frijsteat De Stellingen

Acht akteurs fan it selskip fan Van Ravesteijn sille it stik op de planken bringe. It publyk wurdt der ek by belutsen, om as detective út te sykjen wa't de moard op syn gewisse hat.

De opfiering fan it stik, op freed 13 septimber, is bedoeld as opmaat nei de midsiuwske merk dy't yn it wykein yn Appelskea hâlden wurde sil. Op de Boerestreek is dan muzyk, strjitteäter en bôgesjitten.

Selskip Van Ravesteijn - Foto: Van Ravesteijn

It Stellingen Festival en it toanielstik oer it moardmystearje binne mei mooglik makke troch it Fonds Ooststellingwerf, de Provinsje Fryslân en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

Trefwurden: 
Appelskea grytman toanielstik
(Advertinsje)
(Advertinsje)