It is judoka Sanne Vermeer fan Stiens net slagge om brûns te pakken op WK

It is judoka Sanne Vermeer fan Stiens net slagge om op it WK Judo yn Tokio de brûnzen medalje te bemachtigjen. Sy waard ferslein troch de 29-jierrige Juul Franssen. Beide froulju komme út Nederlân en stiene tjinoer inoar yn de klasse oant 63 kg.
Sanne Vermeer © Omrop Fryslân
Franssen en Vermeer makken beiden in goede yndruk. Juul Franssen komt út Limburch en sy hat ferline jier ek al brûns pakt. Sanne Vermeer wie ferline jier noch wrâldkampioene by de junioaren.
Vermeer hat op dit WK yn de kwartfinale ferlern fan Miku Tashiro, de judoka dy't yn 2018 ferlern hat yn de finale. Dêrnei kaam Vermeer yn de saneamde herkânsingen terjochte en stie sy tsjinoer Gabhkhaid Bold fan Mongoalië. Dat duel koe Vermeer winne, wêrnei't sy tsjin Franssen stride mocht om brûns. Dat is dus lykwols net slagge.