Theo Pijper tredde by WK Grins

07 jul 2012 - 23:22

Theo Pijper is yn de tredde wedstriid om it WK langbaan tredde wurden. De Fryske motorkoereur, dy't meastal yn Skotlân tahâldt, koe yn de finale op de draafbaan fan Grins de Tsjech Josef Franc en de Fin Aki-Pekka Mustonen krekt net byhâlde. Twafâldich wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân waard fjirde, mar bliuwt oan de lieding yn it klassemint nei trije wedstriden. Theo Pijper is no twadde. Foar Jannick de Jong waard it in mislearre dei. Hy bleau stykjen yn de searjes. Yn de tredde searje lei er fier foarop, mar krige maleur mei de motor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)