Stopljochten op drokke krusing Ljouwert dogge it wer, steuring is foarby

28 aug 2019 - 14:23

De stopljochten op de krusing fan de Pieter Stuyvesantwei mei de Willem Lodewijkstrjitte yn Ljouwert dogge it wer. Dat meldt de gemeente op Twitter. De ljochten wiene sûnt moandeitejûn defekt. It soe earst tiisdei klear wêze, mar dat slagge net.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Salang't de steuring duorret advisearret de gemeente minsken in alternative rûte te nimmen, bygelyks troch om te riden oer bedriuweterrein De Himrik. Benammen moarns en middeis kin it tige drok wêze op it belangrike krúspunt by FrieslandCampanina mei de eastlike trochgeande rûte yn de stêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)