Provinsje heart beswieren hurdfarren Burgumer Mar oan: suppe net feilich

Beswiermakkers tsjin it hurdfarren op de Burgumer Mar koene tiisdei harren miening taljochtsje op in harksit by de provinsje. De provinsje hat in proef dien, om te sjen oft de natuer skea hat fan it hurdfarren, mar dy proef waard in pear wiken ferlyn foartidich stilset. Twa ferieningen sjogge it hurdfarren net sitten. Mar der komt wol in twadde provinsjale proef oan.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Natuer- en lânskipsferiening De Wâlden, De Marren is ien fan dy beswiermakkers. Neffens harren hat de natuer skea fan de speedboaten. Tsjin in nije proef dy't yn 2020 plakfine moat, makket de feriening ek beswier.

Stiltegebiet

Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen sprekt him ek út tsjin it hurdfarren. It moat ferbean bliuwe, sa fine se. Auke Postma fan de feriening seit dat mear as 86 persint fan harren leden it dêrmei iens is. "Us leden binne benammen boatsjeminsken, dy't fan it stiltegebiet en de Burgumer Mar genietsje wollen. It hurdfarren past der net by", leit er út.

Net feilich

Postma ferfolget: "Hurdfarren jout fersteuring en is net feilich. Wy hawwe leden mei bern en dy bern wolle wy fansels oan it wettersporten hawwe, mar suppe of sile is net feilich as op itselde plak guon oan it hurdfarren binne. Wy hoopje dat foar it hurdfarren in oar plak fûn wurdt. De Burgumer Mar lient him dêr gewoan net foar."
Postma ferwachtet net dat, no't elk syn sechje dien hat, de provinsje fan miening feroarje sil. Nei alle gedachten sil de twadde proef mei it hurdfarren takom jier wol trochgean.
Auke Postma fan wettersportferiening Tusken Mar en Leyen