Isabelle Diks wol aksje tsjin Brazilië: "We moeten Mercosur tegenhouden"

28 aug 2019 - 13:47

It wurdt heech tiid dat Nederlân ophâldt mei it meiwurkjen oan de ferneatiging fan it Amazônegebiet yn Brazilië. It Ljouwerter Twadde Keamerlid Isabelle Diks - foarsitter fan de keamerkommisje ekonomyske saken & klimaat - hat keamerfragen steld oer de grutte boskbrannen yn it Amazônegebiet en it Mercosur-ferdrach tusken de Europeeske Uny en Brazilië.

Twadde Keamerlid Isabelle Diks - Foto: GroenLinks

Diks stelde de fragen tegearre mei keamerleden Kirsten van den Hul (PvdA) en Esther Ouwehand (PvdD). Salang't de ferneatiging fan de Amazône trochgiet, moatte Europa en Nederlân foaral gjin nij hannelsferdrach slute mei it Súd-Amerikaanske lân, fynt Diks. Nederlân hat grutte saaklike belangen yn Brazilië. Yn 2007 ymportearre Nederlân noch foar mear as 700 miljoen euro oan feefoer út Brazilië.

Produksje ten koste fan reinwâld

Diks is dêr kritysk oer, want krekt foar de produksje fan soaja wurde stikken fan de Amazône platbaarnd. "Import uit Brazilië kan wel, maar dan moet je er wel zeker van zijn dat de productie niet ten koste gaat van het regenwoud. Deze president wil het regenwoud exploiteren en gaat brandschattend te werk. Dat kan natuurlijk niet."

Mercosur-ferdrach

Diks kin mar net begripe dat it Nederlânske kabinet oant no ta foar it nije Mercosur-ferdrach tusken de Europeeske Uny en Súd-Amearika is. "Dit verdrag is ook nog eens heel slecht voor onze boeren, die wel aan allemaal eisen moeten voldoen op het gebied van duurzaamheid. Het is oneerlijke concurrentie en snap echt niet dat partijen als VVD en CDA daar voor kunnen zijn."

Online petysje

De aksje fan GroenLinks begûn ferline wike mei in online petysje tsjin de ferneatiging fan it Amazônegebiet. Nederlânske bedriuwen lizze op dit stuit diken oan yn it gebiet om de Amazône te ûntsluten. It giet om kontrakten foar hûnderten miljoenen.

By de útfiering fan dy projekten wurdt neffens de ynformaasje fan GrienLinks geweld brûkt en soene ek de rjochten fan de oarspronklike befolking en benammen yndianestammen skeind wurde. "Het is gruwelijk wat daar gebeurt", seit Diks. "Mensen die daar al eeuwen wonen, indianen, worden verjaagd. Mensen die zich verzetten worden vermoord."

Isabelle Diks oer de ymport fan feefoer út Brazilië

Yn Europa hawwe Frankryk en Ierlân al wite litten dat se it Mercosur-ferdrach net ûndertekenje sille salang as de Amazône net better beskerme wurdt. Diks wol dat ek Nederlân him gau oanslút by dy krityske oanpak.

Hypokryt

De Braziljaanske presidint Bolsonaro en ek oare Braziliaanske politisy neame de Europeeske krityk hypokryt. Europa hat sels hast gjin oerbosken mear en de Amazône is Braziliaansk. Europeeske politisy soene dêrom gjin rjocht fan praten hawwe.

Mar neffens Diks giet dy redenaasje net op. "De Amazone is net als Antarctica van mondiaal belang. Het belang van het gebied voor de biodiversiteit is enorm. Brazilië is natuurlijk een soeverein land, maar je moet er wel op kunnen vertrouwen dat ze het gebied goed beheren. Helaas heeft deze president een hele andere agenda."

(Advertinsje)
(Advertinsje)