Skoalle yn Ljouwert slút doarren fanwege hjitte

28 aug 2019 - 13:19

By basisskoalle De Sprong yn Techum is it net mear ferantwurde om les te jaan. De skoalle giet ticht, sa meldt direkteur Ad Bastiaansen yn in berjocht oan de âlden. In wurdfierder fan de skoalle befêstiget it nijs.

Neffens de wurdfierders is it smoarhjit yn de skoalle en kin der net mear lesjûn wurde. De Sprong sit yn in tydlike húsfêsting yn barakken. Ein dit jier komt der nijbou. De skoalle is tongersdei gewoan wer iepen.

Dizze mem hie wol begrip foar de maatregel

Agnes Meinema fan De Sprong joech oan dat it echt net mear koe. "Het is heel lastig om op zo'n moment nog goed bezig te zijn met waar we eigenlijk mee bezig moeten zijn. Op het moment dat er kinderen huilend in de klas zitten van de warmte en zelf aangeven dat ze het niet meer volhouden, dan wordt het tijd om te overleggen," seit sy.

Sy hat by alle dosinten del west om te freegjen hoe't sy der oer tochten. "De beslissing is in goed overleg vrij snel genomen. Zij zeiden ook: alsjeblieft, het is goed. Laten we naar huis gaan." Der is in oprop oan de âlden dien om de bern op te heljen, as dat net koe, koene de bern gewoan op skoalle bliuwe.

Sa'n 500 meter fierderop komt der in nije skoalle. "Als het goed is krijgen we in november-december de sleutel, daar kijken we erg naar uit," jout Meinema oan. Yn de nije skoalle sil wól in klimaatsysteem wêze.

Learkrêft Agnes Meinema

Foto: De Sprong
(Advertinsje)
(Advertinsje)