Gemeente wol nije wenwyk oan de eastkant fan Boalsert

28 aug 2019 - 13:18

De gemeente Súdwest-Fryslân wol goed fjirtjin bunder grûn keapje oan de eastkant fan Boalsert. Op de grûn moat in nije wenwyk komme, mei sa'n 150 huzen.

Wethâlder Offinga tekent it keapkontrakt foar de grûn - Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Neffens de gemeente is der de kommende tiid ferlet fan sa'n 250 huzen yn Boalsert. Dy kinne net yn de besteande stêd boud wurde, dêrom wurdt der keazen foar in nije wenwyk.

Der is yntusken oerienstimming mei de eigener fan de grûn oer de oankeap, de gemeenterie moat der noch wol akkoart mei gean.

Fan de mear as fjirtjin bunder grûn sil goed njoggen bunder beboud wurde, de rest is bedoeld foar grien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)