Seizoen oer foar middenfjilder Jan Ras

28 aug 2019 - 11:25

Jan Ras komt dit seizoen net mear yn aksje foar SC Hearrenfean. De 20-jierrige Urker hat in earnstige knibbelblessuere oprûn. Ras foel ôfrûne moandei yn de wedstriid mei de beloften fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle (3-2) al nei twa minuten út. Ut ûndersyk docht bliken dat er de krúsbannen fan syn knibbel ôfskuord hat.

Foto: Orange Pictures

De talintfolle middenfjilder komt út de eigen jeugdoplieding fan SC Hearrenfean en hat dit seizoen op 11 augustus syn earedifyzjedebút makke yn it earste alvetal tsjin Feyenoord. Ek tsjin FC Emmen en FC Twente kaam Ras as ynfaller yn aksje.

Gerry Hamstra

Technysk manager Gerry Hamstra: "Dat is een persoonlijk drama voor die jongen. Hij had net zijn debuut gemaakt, zat in een goede vibe en dan nu dit. Zijn voorste kruisband is afgescheurd, dus die ben je een seizoen kwijt. We gaan nu intern kijken hoe we dit gaan opvangen. Misschien dat we iemand doorschuiven vanuit de jeugd of we lossen het anders op."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Jan Ras
(advertinsje)
(advertinsje)