Molenbosch yn Aldeberkeap yn âlde eare werom

28 aug 2019 - 10:52

Aldeberkeap nimt nije wike syn opknapte Molenbosch yn gebrûk. It giet om in bosk dat begjin 1800 oanlein waard nei in ûntwerp fan de ferneamde túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard.

Foto: Plaatselijk Belang Oldeberkoop

Frijwilligers hawwe de ôfrûne moannen yn it spier west om de bosk yn âlde steat op te knappen. Dêrby hâlden se it oarspronklike ûntwerp as útgongspunt oan. It prieeltsje yn de bosk is ek oanpakt.

De Molenbosch wie eartiids eigendom fan de famylje Willinge Prins. De bosk wie doe net tagonklik foar publyk, mar no kin elkenien tusken de beammen troch rinne.

It feestlik yn gebrûk nimmen fan de bosk is op sneontejûn 7 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)