Twa minsken ferwûne by slim scooterûngelok yn Ljouwert

28 aug 2019 - 10:08

By in ûngelok op de Kanaalwei yn Ljouwert binne woansdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Neffens de earste berjochten giet it om twa scooterriders, dy't mei-elkoar yn botsing kaam binne.

Foto: Anton Kappers

Foar de helpferliening waarden meardere ambulânses oproppen. Ien fan de slachtoffers waard meinaam yn de ambulânse, mar letter op de Drachtsterwei oppikt troch in traumahelikopter. Dy persoan is dêrnei nei it sikehûs yn Grins brocht.

It oare slachtoffer is ek nei it sikehûs brocht, nei hokker is net bekend.

De oarsaak fan it ûngelok sil noch ûndersocht wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)