Cambuur befêstiget komst ferdigener Sven Nieuwpoort

28 aug 2019 - 09:59

Cambuur hat woansdeitemoarn de komst fan Sven Nieuwpoort befêstige. It giet om in ferdigener, dy't sûnder kontrakt sit, neidat syn oerienkomst by De Graafschap oardel moanne lyn ôfrûn. De lêste dagen wiene der al fermoedens fan syn komst.

De 26-jierrige Nieuwpoort hat by Cambuur syn hantekening set ûnder in kontrakt foar ien seizoen. By De Graafschap wurke er earder mei it trainersduo Henk de Jong en Sandor van der Heide, dat no ek aktyf is by Cambuur.

"Sven is een leiderstype en beschikt, ondanks dat hij nog maar 26 is, over al behoorlijk veel ervaring. Hij brengt fysieke kracht, maar ook veel voetballend vermogen van achteruit", seit technysk manager Foeke Booy.

"Hij heeft bovendien eerder met veel succes met Henk de Jong en Sandor van der Heide samengewerkt en we weten daarom dat hij ook als persoon goed bij de club past."

(Advertinsje)
(Advertinsje)