Kollum: "Besef"

28 aug 2019 - 09:59

"Sneintemiddei sieten we op it terras fan Badmeester Keimpe yn Balk út te sjen oer de Sleattemer Mar. We harken dêr nei de de Fryske lietsjes fan Weima en Van der Werf, want dêr is de Omrop net al te grutsk op. Badmeester Keimpe is in kafee/restaurant oan de mar, it plak dêr't eartiids badmaster Keimpe Vos yn de blau-alch omgriemde om de bern dêr swimmen te learen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Doe't we nei hûs rieden, wie it al skimerich. Mar wat in moaie jûn. De dize luts stadich omheech nei de blau-read-oranje loft, dêr't de lêste sinnestrielen tsjin de dize oan skynden. It joech sa'n ferskriklik moai byld oer de greiden, dy't yn in dize hast op iis lieken. Op in iensum yn de greide steande lantearnepeal siet in grutte eibert oer it lân te sjen nei syn bern dy't yn de mûzen omklauden. We hiene op it terras al tsjin elkoar sein dat Fryslân it moaiste lân fan ierde is.

Moandeitemoarn moast ik betiid wer earne te plak wêze. It geloksalige gefoel fan de jûn tefoaren wie noch net iens fuort of dêr kamen de nije dingen al wer. In warbere frou dy't sûkerskjinne lekkens oer de line tearde. In betide fytser dy't ús ôfgeunstich makke, omdat hy ien fan de moaiste paadsjes fan Fryslân lâns de Aldegeaster Brekken ynried. Yn de buorren stie in frou efkes te wachtsjen oant ik foarby wie, de boadskiptas al yn de hân.

De lêste fakânsjegongers dy't thús mei de auto nei de supermerk op de hoeke gean, toffelen in pear kilometer foar waarme broadsjes fan de hite bakker. Want de temperatuer is tropysk. It lân net. Fûgels sjonge it heechste liet. Flinters en libellen fladderje al. Skiep sjogge al sliepperich it slommerjende lân oer. Der stean twa lju te praten by in tsjokke trekker, se sille de sleatten hekkelje. Betiid, mar opfallend is dat it eins al nedich is. De sleatten stean yn dizze natuerrike simmer grôtfol mei grien, streaming sit der hast net mear yn.

Op de radio yn de auto begjint in Nederlânske Papoea te fertellen oer in demonstraasje by it Yndonezyske konsulaat tsjin dat de regearing dêre in pear West-Papoeaanske studinten oppakt hat foar it net foldwaande achtsjen fan de Yndonezyske flagge. Dêrtroch binne yn West-Papoea, dat selsstannich wurde wol, ek al aksjes. Dan doch ik eat wat ik hast 70 jier noait dien ha, ik set de ynformaasjestjoerder út en set muzyk op. Fluitsjend ryd ik fierder, wat kin my de idioate wrâld noch skele as ik troch dit lân ryd.

Fout. Hielendal fout. No ha ik net heard dat de foarsitter fan de boere-organisaasje LTO, Marc Calon, seit dat in pear natuergebietsjes lykas de Feluwe, Lauwersmar en Oostvaardersplassen genôch west hiene. No bin der safolle natuergebieten en gebietsjes dat dy allegear lêst ha fan stikstof en dat der dus yn ús lân neat mear barre kin. In lapketekken fan natuer moat hy sein ha. Dat klinkt smeulsk, mar ik ha it inkeld noch mar lêzen. Ik ha Hans de Boer, Wytmarsumer mar lanlik ûndernimmersfoarsitter ek net heard. Dat hie al moatten, want hy wie it iens mei Calon.

As ik fuortdoezelje, dan dogge boeren dat ek. Wy kin Calon net útsette, mar dat kin de boeren wol. Mar dy binne oan it hekkeljen.

De boeren. Sneonskollega Ferdinand de Jong hâldt my algeduerigen foar dat je de boeren net op ien bulte kwakke meie, want it binne wol de lju dy't my fiede. Ja, mar op Curacao ha ik sjoen, wurdt net in ierpel ferboud en der is net in ko te finen, mar likegoed ha se der allegear wol wat te iten. Inkeld de natuer is dêr net folle en hjir wol.

In part fan de boeren hat it yntusken yn de rekken. Sa linkendewei komme se op it goede bioferskate paad. It is no saak dat de lânboubestjoerders dat ek foar it ferstân krije. As boeren hoeder fan ús lânskip wêze wolle, moatte se dy Calon daliks nei Curacao deportearje.

We sangerje op Brazilië om, mar Bolsonaro hat gelyk dat we hjir de Amazône al kapt ha. En dat we hjir elk jier noch 3.000 bunder grien yn stien feroarje. Wisten jim net hè. Ik wol. Ik ha de radio wer op ynformaasje set."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)