Boeren telle flinters mei behelp fan in spesjale amer

28 aug 2019 - 08:08

Ferskate boeren yn Nederlân sille de kommende tiid flinters telle om in byld te krijen fan hoefolle fan dy bistjes der op harren bedriuw omfleane. Ut ûndersyk docht bliken dat it oantal ynsekten de ôfrûne jierren sterk ôfnaam is. It tellen dogge boeren mei behelp fan in amer mei dêryn in LED-lampe.

De LED-amer dêr't flinters mei teld wurde kinne - Foto: LTO Noord

It mjitnet yn ûntwikkeling hjit fan Boeren Insectenmeetnet Agrarische Gebieden, oftewol BIMAG. By it mjitten giet it benammen om nachtflinters. "Die worden gelokt door het licht in de emmer", leit Alex Datema út. Hy is foarsitter fan BoerenNatuur en sels ek melkfeehâlder.

Yn de amers sitte aaidoazen. Dêryn is it wol wer tsjuster, wêrtroch't de flinters har dêr maklik yn ferstopje kinne. "Als je de volgende ochtend gaat kijken, dan blijven ze mooi stil in die eierdozen zitten."

Oersjoch

De flinters dy't op de amer ôfkomme, wurde net allinne teld, mar ek op de foto set. De gegevens dy't dat opsmite, wurde trochjûn oan de Vlinderstichting, dy't der in oersjoch fan makket.

Alex Datema is foarsitter fan BoerenNatuur en sels melkfeehâlder

Doel fan de aksje is om in byld te krijen fan hoefolle flinters der op agraryske bedriuwen binne. Dêrneist moat it de boeren dúdlik meitsje dat flinters wichtich binne foar har bedriuw.

"Het gaat om een pilotproject. We willen kijken of dit een systeem is dat werkt. Van augustus tot oktober is het de bedoeling dat boeren iedere week één keer de emmer plaatsen."

Ynsektestân

Neffens Datema is it tellen fan flinters wichtich, omdat der in soad diskusje is oer de ynsektestân yn de wrâld. Mar as der dan sjoen wurdt nei wêr't de mjitgegevens wei komme, docht bliken dat it benammen om natuergebieten en tunen giet.

"De meeste natuurliefhebbers zijn bezig in de natuur of hun eigen tuin en daar worden dan vlinders geteld. Maar van het gewone boerenland hebben we heel weinig cijfers."

Der is keazen foar it tellen fan nachtflinters, omdat dy har maklik fange litte. Se moatte in byld jaan fan de rest fan de ynsektestân. Op basis dêrfan wurde úteinlik maatregels fêststeld.

Gearwurking

Neist de Vlinderstichting wurkje LTO Noard en BoerenNatuur mei oan it projekt. Op dit stuit telle tweintich boeren flinters, mar dêr kinne noch mear by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)