Snelheidskontrôles op Skylge: 252 boetes yn twa dagen

28 aug 2019 - 07:08

By snelheidskontrôles op Skylge binne moandei en tiisdei 252 boetes útdield. De beboete automobilisten rieden hurder as de maksimumsnelheid fan 50 kilometer de oere.

De Midslannerhaadwei op Skylge - Foto: Google Street View

De rapste bestjoerder ried sels 83 kilometer de oere troch de beboude kom fan Baaidunen. De bestjoerder fan in bromscooter krige in boete om't syn rydbewiis al hast tsien jier ferrûn wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)