Fikse bermbrân lestich te berikken foar brânwacht

28 aug 2019 - 06:43

De brânwacht is tiisdeitejûn útriden foar in bermbrân op 'e Pein. De brân ûntstie yn rûchte lâns de dyk by De Peinder Mieden.

Foto: De Vries Media

It wie foar de brânwachtkorpsen fan Drachten en Beetstersweach yn earste ynstânsje dreech om by it plak fan de brân te kommen. Dêrnei hiene se it fjoer lykwols rap ûnder kontrôle.

Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)