Fiskerijferiening Ons Belang wol omkommen fiskers jierliks betinke

28 aug 2019 - 06:15

De betinking fan omkommen Harnzer fiskers soe in jierlikse tradysje wurde moatte. Dat fynt Barbara Holierhoek, de foarsitter fan de fiskerijferiening Ons Belang. Foar it earst sûnt de ûntbleating sân jier lyn waard der tiisdeitejûn wer in betinking hâlden by it Harnzer fiskersmonumint.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ons Belang joech it monumint yn 2012 oan de stêd Harns, om de fiskers dy't op see bleaun binne, betinke te kinnen. Op it monumint steane de nammen fan de omkommen fiskers. Yn 2012 wie der in betinking, mar yn de jierren dêrnei net.

De reden dat der no foar it earst wer by it barren stilstien waard, wie dat de Harnzer Fiskerijdagen dit jier 60 jier besteane. It organisearjend komitee hat dêrom oan fiskerijferiening Ons Belang frege tegearre in betinking te organisearjen.

Dizze betinking soe alle jierren in moai tradisjoneel begjin wêze kinne fan de Fiskerijdagen, sa fynt Ons Belang-foarsitter Barbara Holierhoek.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de betinking fan de omkommen fiskers

(advertinsje)
(advertinsje)