Nederlânske follybalfroulju mei Marrit Jasper winne sûnder muoite fan Estlân

27 aug 2019 - 22:45

Mei Marrit Jasper út Snits yn de basis ha de Nederlânske follybalfroulju ek de fjirde wedstriid op it EK yn Boedapest ienfâldich wûn. It waard 3-0 tsjin Estlân. De setstannen wiene 25-18, 25-12 en 25-10.

Marrit Jasper yn aksje by in oare wedstriid - Foto: Orange Pictures

It EK wurdt holden yn fjouwer lannen: Hongarije, Turkije, Poalen en Slowakije. Nederlân spilet syn pûlwedstriden yn de Hongaarske haadstêd Boedapest. Njonken Nederlân en Roemenië sitte ek Azerbeidzjan, Kroäsië, Estlân en Hongarije yn Pûl C. Earder wûnen de froulju al fan Roemenië, Azerbeidzjan en Kroasië.

Woansdei ha se in dei frij. Tongersdei spylje se om 18.00 harren lêste pûlwedstriid tsjin Hongarije.

Trefwurden: 
follybal EK Boedapest Hongarije
(advertinsje)
(advertinsje)