Ferdigener Sven Nieuwpoort komt nei SC Cambuur

Sven Nieuwpoort wurdt woansdei presintearre by SC Cambuur. De ferdigener siet sûnder kontrakt, nei't syn foarige kontrakt oardel moanne lyn ôfrûn by De Graafschap. De Ljouwerter fuotbalklup hat it nijs sels noch net nei bûten brocht.
Sven Nieuwpoort © www.orangepictures.nl
By De Graafschap wurke Nieuwpoort gear mei Henk de Jong en Sandor van der Heide, no it trainersduo by Cambuur. Hy tekenet yn Ljouwert nei alle gedachten in kontrakt foar in jier, mei in opsje op noch in jier.
Nieuwpoort is nei Kellian van der Kaap, Erik Schouten, Doke Schmidt en Calvin Mac-Intosch de fiifde ferdigener dy't oanlutsen wurdt.