Jongeren yn De Westereen fermeitsje harren mei lansearmasine

27 aug 2019 - 21:23

In groepke maten út De Westereen hat sûnt in pear dagen in hiel soad wille fan in skommel wêrmei't sy elkoar lansearje. Mei de waarmte fan de ôfrûne dagen wie it foar harren genietsjen, om in skoftsje troch de loft te fleanen en dêrnei yn it - yn ferhâlding - kâlde wetter telâne te kommen.

It filmke waard moandeitejûn troch Ian Postma upload op de filmkesside Dumpert. Sûnt dy tiid is de fideo al in miljoen kear besjoen op alle sosjale mediakanalen. Troch it filmke is de lansearmasine sa ynteressant wurden, dat er tiisdeitemiddei in rige stie om te springen.

De jonges ha wol ris faker wat by de ein en neame harsels dan ek wol de 'Jackass fan De Westereen'. De populariteit fan it apparaat sil troch alle sjoggers tanimme, allinnich wolle de jonges dúdlik meitsje dat it net foar elkenien weilein is om te fleanen.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei Ian Postma

(advertinsje)
(advertinsje)