Provinsje: Eastersee is sels ferantwurdlik foar brekker yn Tsjûkemar

27 aug 2019 - 21:07

Pleatslik belang Eastersee is sels ferantwurdlik foar it ferfangen fan de brekker by it strantsje oan de Tsjûkemar, stelt provinsje Fryslân. It strantsje fan Eastersee wurdt beskerme troch in brekker yn it wetter en dy is oan ûnderhâld ta. It doarpsbelang fan Eastersee wol de brekker fernije en ferwachtet meiwurking fan de provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Pleatslik belang Eastersee en Provinsje Fryslân hawwe de ôfrûne tiid geregeld kontakt hân oer it ûnderhâld fan de brekker. Doarpsbelang hiert it stik wetter lâns it strantsje dêr't de brekker leit. Yn maaie fan dit jier is der in nij hierkontrakt ûndertekene, lit provinsje witte. Op it momint fan de ûndertekening lei de brekker der al en dizze is dêrtroch gjin eigendom fan de provinsje, wurdt steld.

Neffens Provinsje Fryslân is dúdlik oanjûn dat it ûnderhâld fan de brekker en de beskoeiïng gjin ferantwurdlikheid fan de provinsje is, om't se allinnich eigener fan it wetter binne. Dit stiet neffens de har ek yn de oerienkomst dy't sletten is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)