FIDEO: Nettjinsteande hite simmer gjin topjier foar de Fryske wyngerds

27 aug 2019 - 19:58

Je soene sizze dat hite simmers goed binne foar de wynproduksje, mar de wyngerds yn Fryslân kinne net profitearje fan de waarmte. Ek Frysling yn Twizel hat in minder jier as ferline jier. Troch ûnferwachte froast yn de maitiid binne de druvestrûken bot skansearre. Dêrtroch hingje der minder trossen oan de strûken.

Al mei al ha de strûken fan Frysling 5.000 stokken, dy't elk foar ûngefear ien fles wyn goed binne. "Ik hoop en verwacht wel dat we de 5.000 flessen halen dit jaar, maar meer dan dat zullen we niet produceren", seit Jantine Broersma fan Frysling.

Se makket har nog gjin soargen, mar is dochs net hielendal gerêst. "September en oktober moeten voor ons nog wel echt zonnige maanden met hoge nachttemperaturen worden, wil dit nog goed komen."

Trefwurden: 
Twizel wyngerd wyn Frysling
(Advertinsje)
(Advertinsje)