Ferkearsregelers yn Bûtenpost om skoalbern feilich op skoalle te krijen

De gemeente Achtkarspelen set dizze wike ferkearsregelers yn by de wurksumens oan de Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost. De ferkearsregelers dy't oant en mei woansdei aktyf binne, wize de fytsers nei in omliedingsrûte.
Alde Dyk © Atze van der Ploeg
De Alde Dyk is in wichtige fytsrûte foar skoalbern dy't nei it Lauwers College en it Nordwin College yn Bûtenpost geane.
De wurksumens op de Alde Dyk wurde útfierd op it diel tusken de krusing Nonnepaed-Miedwei en de brêge oer de Bûtenpostmer Feart. Op de dyk wurde maatregels naam om de snelheid fan it ferkear oan te pakken en om it slûpferkear tsjin te hâlden.