Steuring ferkearsljochten op drokke krusing yn Ljouwert duorret langer

27 aug 2019 - 18:49

De steuring yn de ferkearsljochten op de krusing fan de Pieter Stuyvesantwei mei de Willem Lodewijkstrjitte yn Ljouwert duorret yn alle gefallen noch oant woansdeitemiddei. Dat meldt de gemeente Ljouwert op Twitter.

Foto: Google Maps

De ferkearsljochten op it drokke krúspunt by FrieslandCampina dogge it net mear sûnt moandei. De gemeente tinkt woansdeitemoarn wer oan de slach te kinnen om it probleem te ferhelpen. "We verwachten morgenvroeg na 9.30 uur informatie van de monteur over een oplossing. Tot die tijd 'storing'." Hoe't de steuring ûntstean koe, is net bekend.

De gemeente advisearret minsken in alternative rûte te nimmen, bygelyks troch om te riden oer bedriuweterrein De Hemrik. Benammen moarns en middeis kin it tige drok wêze op it belangrike krúspunt.

Frijheidsplein

Ek de ferkearsljochten op it Frijheidsplein yn Ljouwert diene it tiisdeitemiddei net. Yn july wie der troch it waarme waar al in steuring yn de ljochten op dizze krusing fan de Grinzerstrjitwei mei de Prof. Master P.S Gebrandywei en de Lekkumerwei. Dy koe pas nei in wike ferholpen wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)
(advertinsje)