Snitser kroechnûmer 'De Kneu' populêr op YouTube

27 aug 2019 - 17:42

Yn de kroech is it in bekende meisjonger: 'De Kneu' fan it Snitser duo Zware Jongens. It ferske út 2018 is yntusken sa populêr dat it mear as trije miljoen kear besjoen is op YouTube. It nûmer is in oade oan de fûgel kneu en de liettekst sjonge je leafst sa faak en sa rap mooglik achter mekoar.

Neffens de Zware Jongens, besteande út Arie Kuipers en Fokko Dam, is it filmke in moai stikje promoasje foar de stêd Snits. "Er wordt veel aandacht besteed aan het mooie, door de bekende tuinarchitect Gerrit Vlaskamp ontworpen, Wilhelminapark", lit it duo witte.

Oft it de manlju dêr yndie om te dwaan is, is de fraach. De views hawwe se yn alle gefallen wol binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)