Justysje easket fjouwer jier sel tsjin skoutinglieder yn Fryske bernepornosaak

27 aug 2019 - 17:26

Justysje easket in selstraf fan fjouwer jier en TBS mei twangferpleging tsjin in groepslieder fan in skoutinggroep yn Drachten. De man wurdt fertocht fan ûntucht mei meardere famkes, en fan it meitsjen en fersprieden fan berneporno. Ien fan de slachtoffers soe syn eigen suske wêze.

De rjochtbank yn Swolle - Foto: ANP

De man komt út Feanwâlden, en is 20 jier âld. Hy wie as frijwilliger aktyf by skoutinggroep De Drones yn Drachten. Hy sit al mear as in jier fêst.

De man soe meardere famkes fan de skoutinggroep stikem op de foto set hawwe, ûnder oare yn de klaaikeamers en dûsromten fan in swimbad, en hy wurdt ek fertocht fan ûntuchtige hannelingen. De slachtoffers binne in jier as tsien. Boppedat soe er behearder west ha fan in berneporno-site, dêr't mear as in heal miljoen ôfbyldingen op stiene.

Yn 2014 soe de fertochte al yn oanrekking kaam wêze mei Justysje, omdat er berneporno yn syn besit hie. De skoutinggroep wie dêr net fan op de hichte.

De skoutinggroep hat him fuortendaliks op non-aktyf set, doe't bekend waard dat der wat mei de man oan de hân wie. Neffens in wurdfierder fan Scouting Nederland hie de man gjin Verklaring Omtrent Gedrag (VOG).

Jeichien de Graaff fan it Lanlik Parket fan it Iepenbier Ministearje oer de saak

Trefwurden: 
Drachten sedesaak skouting
(Advertinsje)
(Advertinsje)