Tsjerke fan Raard "libbet wer" mei komst keunstatelier

27 aug 2019 - 17:10

De tsjerke fan Raard, by Dokkum, hat in nije bestimming krigen. De tsjerke wurdt it atelier en de eksposysjeromte fan de Ljouwerter keunstner Paul Andringa. De keunstner hiert de tsjerke fan 1 septimber ôf fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Foto: Stichting Alde Fryske Tsjerken

Earder wie it OerKa Irene Verbeek Museum fêstige yn de tsjerke. In pear jier lyn kaam it gebou leech te stean, doe't it museum dermei ophold. Stichting Alde Fryske Tsjerken rekke yn petear mei Andringa, dy't op syk wie nei in nije romte foar syn atelier. De tsjerke fan Raard luts Andringa fanwege de romte yn it gebou en de sfear dy't der hinget.

Andringa sil in oantal dagen yn 'e wike oan it wurk yn de tsjerke. Ek sil der in permaninte útstalling te sjen wêze. Dêrneist komme der keunstwurken fan Andringa te stean yn de tsjerken fan Lichtaard en Boarnwert. Sa kinne belangstellenden mei de auto of fyts by dizze trije tsjerken del om de keunstwurken te bewûnderjen.

Libjende stiennen

De tsjerke datearret út de 13e iuw. De grouwe muorren en de lytse (rûn)bôgefinsters binne karakteristyk foar de boustyl fan de 10e oant de 13e iuw. Fan it ynterieur is mar in lyts part noch orizjineel. De tsjerke hat in ikehouten preekstoel út 1650 en de romte en ynrjochting binne ienfâldich.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken is wiis mei de nije funksje fan de tsjerke. "Us tsjerken binne as gebouwen wichtich foar de Fryske doarpen, mar we fine it noch wichtiger dat de tsjerken brûkt wurde, dat it libjende stiennen binne", seit ympressario Joke Bakker. "Mei de komst fan Paul Andringa libbet dizze tsjerke wer. Dat fine we prachtich."

Joke Bakker, ympressario fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, en keunstner Paul Andringa

(Advertinsje)
(Advertinsje)