Rekôrwaarmte soarget foar wetterwille op basisskoalle

27 aug 2019 - 16:34

De temperatueren brekke dit jier rekôr nei rekôr. Nea earder wie it op 27 augustus sa waarm as no. Dat seit waarman Piet Paulusma. It âlde rekôr komt út 1964: doe wie it 29 graden. Op meardere plakken yn de provinsje komt de temperatuer no boppe de 32 graden út.

Foar de bern op de basisskoalle yn Aldegea (Sm) is dat pittich.

Neffens Piet Paulusma fielt it waarm en benaud, troch de hege luchtfochtichheid. Op Skylge is it 31 graden en yn Boalsert 32,7.

Trefwurden: 
waarmte Aldegea wetterwille
(Advertinsje)
(Advertinsje)