De Fryske Marren koprinner yn tsjinstferliening

Gemeente De Fryske Marren is lanlik koprinner mei gemeentlike tsjinstferliening. Begjin dit jier hat IT-bedriuw Oracle in ûndersyk útfierd ûnder mear as hûndert Nederlânske gemeenten. Ut it ûndersyk docht bliken dat yn de Fryske gemeente de kombinaasje tusken baly, telefoan, mail, sosjale media, webside en de kennisbank it bêst organisearre is. Dêrby is de fraach fan de klant hieltyd as útgongspunt naam.
Gemeente De Fryske Marren © Omrop Fryslân
Oracle ûndersocht hoe't Nederlânske gemeenten omgeane mei ferskate kontaktkanalen en yn hoefier't de klant dêrby sintraal steld wurdt. Fan de 105 gemeenten dy't yn it ûndersyk meinaam binne, skoart De Fryske Marren it heechst.
Michael van Wier rikte út namme fan Oracle de priis út oan Jan Kor Nienhuis, teamlieder 'Klant Contact Centrum' fan De Fryske Marren. "De medewerkers maken bij deze gemeente het verschil en systemen worden uitdrukkelijk als ondersteunend gezien. Dat is lang niet bij elke gemeente het geval", spruts Van Wier.