CDA Fryslân wol útlis oer giftige stofwolken op It Hearrenfean

CDA Fryslan wol opheldering oer de giftige stofwolken op It Hearrenfean. Koartlyn waard bekend dat de stofwolken fan metaalhannel De Horne komme. De wolken soene soarge hawwe foar fersmoarging fan, yn alle gefallen, it ôffalwetter fan Omrin.
© Google Street View
Yn it ôffalwetter binne ferhege konsintraasjes swiere metalen oantroffen, wêrûnder it giftige kadmium.
De CDA-fraksje makket him soargen en wol dat de provinsje opheldering jout oer de situaasje.