Fakânsjegongers fine frjemde bollen yn marke

27 aug 2019 - 15:00

Fakânsjegongers ha mysterieuze bollen oantroffen yn de Kanadamar by Appelskea. "We gongen in rûntsje om de mar, en doe seagen we se", seit Joke Smit. Se komt al jierren yn Appelskea. "Net ien wist wat it wie."

It blykt te gean om saneamde mosdierkes. Se binne hiel lyts, en ha in ekstern skelet. "It fielt wat glêd oan," seit Smit, "mar se binne steviger as kikkerdril."

"Oan de oare kant fan de mar binne de bollen noch grutter, dêr lizze echte joekels."

Trefwurden: 
Appelskea Kanadamar bollen
(Advertinsje)
(Advertinsje)