FIDEO: De earste wurkdei fan boargemaster Buma

27 aug 2019 - 16:45

Ien dei neidat er offisjeel ynstallearre is as boargemaster fan Ljouwert, begjint Sybrand Buma oan syn earste 'echte' wurkdei. In gearkomste mei it gemeentebestjoer stiet as earste op de aginda. Omrop Fryslân wie derby.

Buma sjocht tefreden werom op de ynstallaasje. "It wie in moaie dei. Net allinne foar de gemeente, mar ik tink ek foar de provinsje."

It earste beslút fan de nije boargemaster is it iepenjen fan de kolleezjefergadering. "Dan kinne we los."

(Advertinsje)
(Advertinsje)