Omkommen fiskers nei sân jier wer betocht

27 aug 2019 - 13:53

Foar it earst sûnt de ûntbleating sân jier lyn wurdt der wer in betinking hâlden by it Harnzer fiskersmonumint. Fiskerijferiening Ons Belang joech it monumint yn 2012 oan de stêd Harns, om de fiskers dy't op see bleaun binne, betinke te kinnen.

Fiskersboaten yn de haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Op it monumint steane de nammen fan de omkommen fiskers. Yn 2012 wie der in betinking, mar yn de jierren dêrnei net. Tiisdeitejûn sil der foar it earst wer by it barren stilstien wurde.

Ien fan de redenen dêrfoar is dat de Harnzer Fiskerijdagen dit jier 60 jier besteane. It organisearjend komitee hat dêrom oan fiskerijferiening Ons Belang frege tegearre in betinking te organisearjen. Dy sil krekt foar de feestwike plakfine. De betinking begjint om 19.00 oere by it monumint en is foar eltsenien frij tagonklik.

(advertinsje)
(advertinsje)