Tinktank ûndersiket hoe't Fryske sliepakkommodaasjes sterker wurde kinne

27 aug 2019 - 13:22

In Fryske tinktank komt mei in ûndersyk nei de kânsen foar oernachtingsakkommodaasjes. Dêrby giet it om campings, fakânsjeparken, jachthavens, groepsakkommodaasjes en bêd & brochjes.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Marjolein van Tichelen fan Toerisme Alliantie Fryslân oer it ûndersyk

Utbaters fan ferbliuwsakkommodaasjes, brânsjorganisaasjes, gemeenten, regio's en de provinsje wolle mear ynformaasje oer de ûntwikkelkânsen foar de sektor.

De tinktank Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) organisearret op 24 septimber in ynformaasjegearkomste dêr't alle 'ins en outs' fan it ûndersyk besprutsen wurde. Dêrneist wurde der ferskate regiogearkomsten hâlden yn de provinsje en op de Waadeilannen.

Mei de ûndernimmers wol TAF Fryslân toeristysk sterker meitsje.

It ûndersyk begjint yn oktober, en it moat yn de maitiid fan 2020 dien wêze. It moat nije kennis opsmite oer oer bygelyks de omfang, oanbodsstruktuer en ekonomyske ympakt fan de sektor.

Trefwurden: 
toerisme sliepplakken TAF
(Advertinsje)
(Advertinsje)