Sofie (10) nominearre foar Nationale Kinderprijs

27 aug 2019 - 13:17

De 10-jierrige Sofie fan Hurdegaryp is, tegearre mei njoggen oare bern út Nederlân, nominearre foar de Nationale Kinderprijs. De priis is foar bern en jongerein dy't ferskil meitsje. Sofie is troch de sjuery útkeazen omdat se har ynset foar de âlderein.

Foto: #Vteam

Sofie docht eltse wike spultsjes yn it pleatslike âldereintehûs. Se skreau ek in brief nei minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, wêryn't se fertelt dat se it wichtich fynt dat mear minsken har ynsette foar de âlderein. "Ik fyn it hiel sneu dat âlderen iensum binne. It soe moai wêze as mear minsken op besite gean of spultsje dogge."

Cees de Veer

Tsientallen bern melden harren oan om kâns te meitsjen op de priis. Ut alle ynskriuwingen hat de sjuery in top 10 keazen. De winner krijt de Nationale Cees de Veer Kinderprijs. Dy is ferneamd nei luitenant-generaal bûten tsjinst Cees de Veer. Hy fynt it wichtich dat de jongerein belutsen wurdt by de tema's frede en frijheid.

1.000 euro

De winner wurdt op freed 30 augustus bekend makke en mei dan in taspraak hâlde. Ek krijt de winner 1.000 euro te besteegjen foar it doel dêr't hy of sy him of har foar ynset. De priis sil útrikt wurde troch de steatssekretaris fan Definsje, Barbara Visser.

(Advertinsje)
(Advertinsje)