Draakjefleanen yn Drachten

07 jul 2012 - 17:02

Op de airstrip by Drachten waard sneon en snein foar de 22e kear it Ynternasjonale Vliegerfestival hâlden. Mei draakjes yn alle soarten en maten joegen dielnimmers út binnen- en bûtenlân demonstraasjes. Sa wiene der teams út Switserlân en Ingelân.

Sneon wiene der tusken de 1500 en 2000 besikers. Snein wiene dat fanwege it reinige waar mar in pear hûndert. Wol koene hast alle ûnderdielen ôfwurke wurde.

Trefwurden: 
Drachten draakjefleane
(Advertinsje)
(Advertinsje)